"Pa! ... Pa? ... Pa? Kan je mij horen? Er brand hier een rood lichtje op de laptop..." It is middernacht in oer as ien, twa. It gebou is net iens sa gehorich. Fannemoarn trof ik buorman op it terras. In fint fan twa by ien meter mei in lyts keal kopke. Nei't er sa'n 5 minuten dwaande wie om 'e doar fan it slot te krijen, stapte er nei buten. "Goodmorning," seid er. Op myn beste ABN goaide ik der in fetsoenlik goeiemorgen ut. Hy seach my oan en stapte lyk wer nei binnen ta.
Wannear wie it? No ja, yn alle gefallen nei it leste blogje hawwe wy die Tafelberg beklommen. Minsken wat in prachttocht. Ergens healwei begun ik te halisunearjen. Ik miende de Berltsumer toer te hearren. Ik bin mar gewoan trochrun. Ut enthusjasme hienen wy it ferkearde paad keazen en der uteinlik twa kear sa lang oer dien. In utsjoch oer Capetown en it botsen fan 'e Atlantyske en Indyske oseanen. Skitterend. De weromreis gie per kabelbaan. Doe't wy weromkamen, lies ik dat der alle jierren deaden falle by it beklimmen fan 'die Berg'.
In dei letter hawwe wy de taksi nei Waterfront nommen. Kost gjin drol hjir, in taksi. Frjemd om troch die Langstraat te riden lans bygelyks de Kerkstraat en soks. Fan Waterfront, in haven mei fan alles en noch wat foar toeristen, is it sa'n trije kertier faren mei de Suzan Kruger nei Robben Island der't under oaren Mandela opsluten sitten hat. In moaie tocht der't ik foar it earst yn myn libben op noch gjin tsien meter each yn each stie mei in walfisk. Unferjitlik wat in bist.
Robben Island wie yndrukwekkend. Wy krigen in runlieding fan in eks-gefangene. Earlik sein, de sel fan Mandela die my net sa folle, mar haw 'm dochs mar op 'e foto setten. De ferhalen fan James dienen my mear.
Juster hawwe wy de Baz-bus nommen. In bus dy't tours organisearret lans plakken dy'tst net misse meist. Nei't wy yn Houtbaai kennis makken mei in strjitartyst yn 'e foarm fan in grutte walrus fan in jier as fjirtich, brocht de bus us nei in opfangsintrum foar Afrikaanske pinguins. Op 't heden wurkje se oan in programma om de populaasje wer wat op nivo te bringen. Underweis troffen wy in koloanje bafianen dy't elkoar oan it utpluzjen wienen.
Nei de bafianen wie it tiid foar Kaap die goeie Hoop. Achter de bus hong in karke mei in stel ofkarde mountainbikes. En wy as 'Hollanners' hawwe us reputaasje daalk mar wier makke; wy suzen de bedelten del as wiere profs troch it ruge lanskip fan 'e Kaap. Lans strusfogels, fugels mei lange sturten. Ik fielde my suver Adam - fan Eva - op 'e fyts troch it Paradys. Wier. Nei de tocht wie it tiid foar middeisiten op 'e leste stop foar it meast sudlikste puntsje fan Afrika.
In rintocht fan sa'n oere nei Kaap die goeie Hoop. Bysunder om op sa'n histoarysk plak te stean. Spitigernoch fiesten te folle Amearikanen dy't harren de bek net halde koenen. Dochs haw ik wier genietsje kinnen. Yn 'e bus werom foel ik hast yn sliep. By thuskomst haw ik beantsjes, rjappels en twa grutte gehakballen klearmakke. It wie hearlik en it bier mar 10 rand.
Al in pear dagen haw ik hjir in maat. Buten de jonge beedler mei de laits, meitsje ik alle dagen even in praatsje mei de guard fan it hostel. In jonge fan myn leeftyd dy't it uterlik hat fan in spits fan it B-alvetal fan bygelyks Roda JC. Wy prate wat oer it libben en ik diel myn sigretten mei him. Hy docht in studzje ICT en hopet op in takomst mei in eigen hus, auto en genoch jild foar syn famylje.
Moarn us leste dei yn Capetown. Dan geane wy on tour rjochting Johannesburg, of Jo-burg sa't se dat hjir neame. Ja, ik bin foto's oan it uploaden, mar ek dit ynternetkafee hat in kut-ferbining. Dus. Daalk de sted yn om in bakje kofje en de ofrune dagen nochris bydel te gean. Jun mar wer even ut iten by Cape to Cuba, in Kubaansk restaurant mei treflik iten. Oh shit ja, dan moat ik myn Che-shirt even oan. Minsken wy fermeitsje us hjir noch wol even. Werkse en oant oare kear!